Wa binne wy & hoe komme wy hjirby?
Sûnt de middelbere skoalle kinne wy inoar, ús freonskip waard foarme troch in mienskiplike leafde foar it Waadgebiet. Wy genietsje graach fan de romte en pracht dy ’t it Waad mei har meibringt.
Dit projekt begûn mei it skriuwen fan fersen om ús ûnderfiningen yn it deistich bestean ûnder wurden te bringen. It Waad wie it plak dêr’t wy de wurden fine koenen. It brocht rêst, ynspiraasje en besinning. De ferbining mei de natuer groeide, en ús langstme om dit te dielen ek.
Yn 2021 krigen we de smaak te pakken, nei in dichtkursus dy’t resulteare yn in foardracht by in gesellige ferhalenjûn. It jier dêrop ha wy wer meidien oan de ferhalenjûn en rekken wy ynspireart om wat nijs te organisearjen.
Op in jûn – op it Waad nei in itentsje mei ús memmen – kaam it idee ta stân:
Litte wy de poëzy tichterby it Waad bringe!
Mei ús entûsjasme ha wy minsken oanstutsen om yn 2024 de earste edysje fan Diele fan it Waad, op de dei fan it Waad, te realisearjen. Grutsk is ús slogan doe ûntstien:
Mei inoar, foar it Waad!


