Sylke J. Kingma

Fryske Skriuwster, Organisator Diele fan it Waad

Se is yn 1998 berne yn Stienwyk en hat har jeugd yn Rie trochbrocht. Sylke studearre sosjaal wurk yn Ljouwert en is drok dwaande mei fierdere ûntwikkelingen yn har fakgebiet. Har ûnderfinings yn ‘e persoanlike begelieding binne in ynspiraasje foar har fersen. De wrakselingen dy’t it libben meibringt wol sy fêstpakke, opskriuwe en fierder útplúzje. Faak skriuwt sy oer dit soarte besteanswrakselingen en mei in holistyske fyzje besiket se oaren te motivearjen en te ynspirearjen ta ferbining. De grutste ynspiraasjeboarne foar ferbining fynt se tichtby hûs: it lânskip, it Waad. Sûnt 2024 is Sylke aktyf as mei-projektorganisator fan Diele fan it Waad, in jierliks poëzijprojekt wêryn’t de ferbining tusken minsk en lân ta utering brocht wurdt.