NIJE DATUM
25 septimber 2026

Mei inoar
Foar it Waad
25 Septimber 2026
Ynrin 18:00 – 18:30 oere / ôfslúting 21:00 oere
It Waad docht wat mei minsken
Elk dy’t oer it wetter fart, oer in sânplaat rint, troch de kwelder of by de seedyk del, fielt dêr wat bysûnders by…
Guon sykje unike natuerwearden, oaren de âlde ferhalen of wittenskiplike ûntdekkings. Al dy ûnderfiningen jouwe it Waad har unike wearde foar minsken, en dat is wat ‘dielers’ fan de byienkomst ‘Diele fan it Waad’ mei inoar útwikselje.
It is wer sa fier! Op de dei fan it Waad, sneon 25 Septimber om 18:30 sil it heve bij de Zwarte Haan.
Mei it libbensferhaal fan leppelbekfûgel ‘Solanum’ hawwe Tjibbe Stelwagen en Caspar Koolstra in prachtige muzikale reis komponearre, mei dichters Elmar Kuiper, Lara Kool, Christa Niklewitcz en Geart Tigchelaar dy’t de reis ferrykje mei harren poezij.
Komst ek? Meld dy oan en flean mei ús oer it Waad!

Dichters, muzikanten nimme it publyk mei yn harren Waad-belibbingen.
Derby is er gelegenheid foar de leafhawwer om de Iepen Mic te pakken.
‘Diele fan it Waad’ is in inisjatyf fan Aggie Meijer en Sylke Kingma, skriuwers dy’t harren leafde foar it Waad graach op dizze manier mei eltsenien diele.
Oh wat wie dit spitich…

Fragen?
Kom yn kontakt









