Aggie L. Meijer

Frysk/Biltske skriuwster en ferhalenferteller

Opgroeit yn it Bildt hat nei sy de middelbere skoalle in skoftke yn it bûtenlân taalkursussen folge. Yn Ljouwert wenjen, wurkjen en studearjen kaam dernei. Se is wer út de stêd wei nei in plak tichteby it Waad, mei mear rûmte foar har kat Wjerljocht en har ynteresses as kompost, regeneratyf túnkjen en poddestuollen.

Nei in dichtkursus folge te hawwen, is sy yn 2022 oanstutsen om har stikken foar te dragen. Fan it ien kaam it oar en sa ek yn 2025 it winnen fan de tredde edysje fan Fryske Poëzyslam by Tresoar.

Dêrnei is sy belutsen rekke by it fertellen fan folksferhalen, wer ’t sy sich graach fierder yn ûntwikkelt. Har gedichten sjucht se ek as belibbings ferhaaltsjes, foardroegen op in manier dy’t it publyk as ‘betsjoenend’ beskriuwe.

‘Diele fan it Waad’ is foar har in leafdefol earbetoan wêr’t de kreative libbensenerzjy fan minsk en natuer brûzend gearkomme en ferbiningen ûntstean.