Frysk/Biltske skriuwster en ferhalenferteller
Opgroeit yn it Bildt hat nei sy de middelbere skoalle in skoftke yn it bûtenlân taalkursussen folge. Yn Ljouwert wenjen, wurkjen en studearjen kaam dernei. Se is wer út de stêd wei nei in plak tichteby it Waad, mei mear rûmte foar har kat Wjerljocht en har ynteresses as kompost, regeneratyf túnkjen en poddestuollen.
Nei in dichtkursus folge te hawwen, is sy yn 2022 oanstutsen om har stikken foar te dragen. Fan it ien kaam it oar en sa ek yn 2025 it winnen fan de tredde edysje fan Fryske Poëzyslam by Tresoar.
Dêrnei is sy belutsen rekke by it fertellen fan folksferhalen, wer ’t sy sich graach fierder yn ûntwikkelt. Har gedichten sjucht se ek as belibbings ferhaaltsjes, foardroegen op in manier dy’t it publyk as ‘betsjoenend’ beskriuwe.
‘Diele fan it Waad’ is foar har in leafdefol earbetoan wêr’t de kreative libbensenerzjy fan minsk en natuer brûzend gearkomme en ferbiningen ûntstean.

Op it Waad (2022)
Op it Waad
Wêr de kâlde wyn my omme earen slaat
“Wekker wurde leave” flústert se
“Kom, Kom út de dream”
“Bliuw net te lang stean”
“Oars ferklommest noch”
“Dyn holle sit fol mei bedroch”
Leagens fan earder dy’t ik leaude
‘T reint in spetter,
Om my hinne
Yn flagen in ryklik gekletter
De loft is griis, ‘t wetter is griis, ’t slip is donkergriis
Ik tink ynienen oan de wurden fan niis die’t op in tegeltsje stien doe ik yn de kringloop wie
“Hoefolle pine it libben die ek jout, er sil altyd in ljochtpuntsje wêze”
En it is wier
Elk ein is in nij begjin
Tink ik, wylst ik fierder rin
‘T paad op
‘T waad op
Op nei de see
Hoe soe it wêze?
Sa fier te gean oan’t ik net mear kin stean
Soe ik befrieze?
’T is kâld, hoe lang soe it duorje foar je ’t wer waarm krije?
In heugenis fan my woe wol sa ôfkuollie
Ien wurde mei de kjeld
Want ik wie te hiet, dat hie ik mysels ferteld
Raasde it nei my
“Hâld mar op, wolst hjir mei trochgean, wolst hjir alle dagen mei opstean?!”
Ik stop mei rinne en sjuch
Om my hinne
Ik stean midden yn de griene en giele reiden
‘T komt boppe my út
Er gean twa paden foar my út en twa werom
Ik gean wer ik wei kom
En nei in oantal stappen op it kronkeljende blubberpaad
In wiete wite poddestoel, tusken al it griis giel en grien, is wer myn each op slaat.
Ik hurk en sit te sjen
Bij oanrekking fielt de platte glimmende hoed glêd
Gildes foar de spoaren
Welke is dit, bin d’r oaren?
Ik sjuch om my hinne en op de grûn
Fel oranje kleurige bobbeltsjes op it lizzende reid is wat ik fûn
Wat bysûnder!
Die natuerlike kleuren
Dy’t samar it byld opfleuren
Op it waad
Ik rin
Op it waad werom nei de dyk
It is echt wol kâld en aanst wurd ik noch siik
Ik draai my yn ien kear om
Twa minsken op rubberlearzens en nûmer trije is in grutte swarte leave langhierrige wite hûn
Die wiene er net toen ik begûn mei rinne, ik hie goed sjoen yn it begjin en
Ik skrik hiel efkes
‘Do wiest fier fuort seker?’
Seit se
‘Ja’ sis ik ‘ik siet te dichtsjen yn’e holle
En doe
Begûn it te wâlje en kamen er gedachten en heugenis út rôljen
Heugenis dy’t ik no kin litte foar wat se binne
ûnbeäntwurde fragen wêrfan ik fuort kin rinne
Boppe de rein skynt ergens de sinne
Fanôf ‘dichtsjen’ ha ik tocht en net sein
Se sei:
‘Lit s wat hearre dan?’
‘It Waad’ begûn ik
‘Wer de kâlde wyn my om de wangen slaat’
Ja dêr wie ik ûngefear
Wat leuk en spontaan, se freget mear nei it kreatief belear
En dit hie ik net ferwachte, nea in kear
Fan it kreatieve docht sei noch folle mear
Mar ja ik wit, sa wurket it universum wol faker
Stjoert my in ûntwaker, in gefoelsraker
Om my sjen te litten
Wat ik even bin ferjitten
Sa as dat ik net allinnich rin
Wêr ik ek mei dwaande bin
En ik bin oan it learen
Dat proses te behearen
Hoe nij te tinken
En aktief te linken
Sûnder te sinken
Yn mysels en de oar te leauwen
En troch myn âlde oerstallige grinzen te treauwen
Sûne wizen foarmje om te rouwen
En bouwen oan it fertrouwen
Sûnder foaroardiel yn it libben te stean
En mei leafde de wrâld yn gean
Behoeftes erkenne en besinne
Ynpleats fan fuort te rinne
Leare freechje om hulp
Wannear ik te djip sit, yn myn skulp
Al tink ik en doch ik yn sommige opsichten wol is as in healwizeling
It bringt learen, laitsjen en leafhawwen yn it sin
En op it Waad
Wannear de kâlde wyn my omme earen slaat
Bin ik altyd op it goeie paad
Horror yn de tún (2024)
Bzzz Bzzz
Sinne yn it gesicht
Bzzz Bzzz
Blomkes om my hinne
Bzzzz bzzzz
Wat hear ik dochs?
Bzzzz Bzzzzz Bzz
It komt fan ûnder
Tusken it gers
Twa bisten
Swat mei giel
Lyts en lytser
Bzzzzzz
It klinkt as ûnrest…
Ik sjuch nochris goed
Bring myn eagen tichterby de lûdmakkers
En mei iepen mûle oanskouw ik it ûnmeilydsume gefjocht fan de bij en de wesp
Ik leau hast net wat ik sjoch
De brutaliteit
De stresskreten fan de bij stoppe
Mei it loskommen fan syn koppe en
Der leit er dan
Yn twaan
De sefte kleuren fan it bijenliifke
En de glimmende eagen fan de bijbehearende kop die’t er neist leit
De gruttere felgiele mei djipswarte wesp hat wûn en mei syn grutte glimmende swarte slachttosken iet er syn ûntholle stille prooi
Sa giet dat dus yn de lytse wrâld
Lyksa as yn de grutte
Bisto in wesp os in bij
As sjochst it oan, krekt as my
Dochst er neat oan, wat is der ferkeerd oan?
’t is ek natuer
Horror yn de tún
Ontworpen met WordPress